Syrysk Berne-evangeelje

Syrysk Berne-evangeelje
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldsyrysk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 5e of 6e iuw

It Syrysk Berne-evangeelje is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. Sa't de titel al seit, is it in oarspronklik yn it Syrysk skreaun berne-evangeelje, in tekst dy't djipper yngiet op 'e ferhalen oer de bernetiid fan Jezus fan Nazaret dy't yn it kanonike Evangeelje fan Lukas oanhelle wurde. It geskrift datearret mooglik út 'e fyfde of sechsde iuw, en liket grutdiels gearstald te wêzen op grûn fan de âldere Berne-evangeeljes fan Tomas en Jakobus. Hoewol't it Syrysk Berne-evangeelje oarspronklik yn it Syrysk skreaun wie en ek yn dy taal oerlevere is, moat it letter yn it Arabysk oerset wêze, en al is dy oersetting ferlern gien, in grut diel derfan, fral oangeande de wûnders yn Egypte, waard letter opnommen yn 'e Koraan.


Developed by StudentB